Gjin fotoferbod yn swimbaden

03 jul 2014 - 15:28

Gearwurking De Friese Zwembaden wol foarearst gjin film -en fotoferbod oplizze, mar advisearret wol der skerp op te wêzen. De gemeente Utrecht wol dat gasten gjin foto's of filmkes mear meitsje yn de swimbaden. Neffens de gemeente wurde der in soad foto's fan minsken yn badklean op ynternet setten. Dat hat al soarge foar problemen mei pedofilen. It ynsidint mei swimlearaar Benno L. hat ek in rol spile yn it beslút fan de gemeente Utrecht.

De Fryske swimbaden nimme it ferbod earst noch net oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)