Gjin foksejacht mei ljochtbak

04 des 2013 - 12:55

De Ried fan Steat hat woansdei de jacht op foksen mei ljochtbakken ferbean. De saak wie oanspand troch de Faunabeskerming. Dy focht de fergunning oan dy't de provinsje ferliend hat oan jagers yn de provinsje. Dy mochten oant desimber takom jier mei ljochtbakken op foksen jeie. Foksen wurde sjoen as in grutte fijân fan greidefûgels.

De Ried fan Steat basearret syn útspraak op Europeeske regels. Dêr stiet yn dat de jacht op foksen allinnich oerdeis mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)