Gjin flamenco-foarstelling

06 jan 2006 - 14:31

De flamenco-foarstelling 'Sentires' dy't sneontejûn spile wurde soe yn it Posthuisteater op it Hearrenfean en nije wike freed yn de Lawei yn Drachten, giet net troch. Ien fan de fjouwer flamenco-dûnseressen is ferwûne rekke by in ûngelok en leit yn it sikehûs.

Dat meldt impressario Hans de Visser dy't de teatertoernee fan Sentires begeliedet. Der komme gjin ferfangende foarstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)