Gjin fjoerwurk yn part De Lemmer

27 des 2001 - 00:00

Der mei op âldjiersdei gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde op it yndustryterrein fan de Lemmer. Op it terrein stiet nammentlik ek in fjoerwurkopslach. It ferbod jildt oant 22.00 oere.

It bedriuw ferkeapet dit jier foar it earst ek fjoerwurk. Bedriuwen yn de omjouwing hiene dêr beswier tsjin oantekene. De gemeente hat har gelyk jûn en dêrom it ferbod oplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)