Gjin finale Roelof Bouwmeester

17 des 2011 - 12:42

Roelof Bouwmeester is der net yn slagge om de medaljerace fan snein te heljen op it wrâldkampioenskip silen yn it Australyske Perth. De Laser siler út Warten kaam sneon yn de lêste twa reguliere races net fierder as in 24e en 41e plak. Yn it klassemint smyt dat it 31e plak op. Rutger van Schaardenburg hie ek in minne lêste dei. De trainingsmaat fan Bouwmeester waard 43e en 31e en sakke nei it 26e plak. De striid tusken dizze twa Nederlanners om it iennichste startbewiis foar de Olympyske Spelen 2012 bliuwt sadwaande iepen.

Yn de meadaljerace fan snein, de striid tusken de bêste tsien, begjint trijefâldich wrâldkampioen Tom Slingsby yn syn heitelân as de grutte favoryt. Hy hat in foarsprong fan fjirtjin punten op de nûmer twa Simon Groteluschen fan Dútslân. Yn de beslissende medaljerace sile trije Australiërs, twa Britten en fierder in Dútser, in Eastenriker, in Nij-Seelanner, in Sweed en in Syprioat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)