Gjin fillapark by Langwar

25 apr 2007 - 15:29
  • It strântsje oan de put fan Nederhorst

Skarsterlân stiet dochs net ta dat der by de Put fan Nederhorst in lúks rekreaasjepark ûntwikkele wurdt. Yn de ried is net genôch stipe foar wat omwenjenden in 'rikeljusdoarp' neame.

In projektûntwikkelder woe by de eardere sânwinput tusken Langwar en de A7 in hotel en lúkse fakânsjefilla's bouwe en it kolleezje woe dêr wol oan meiwurkje. Nei protesten fan ûndernimmers en natoerbeskermers lûkt it kolleezje it plan no werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)