Gjin fierljeppen op 'e Jouwer

30 maaie 2014 - 12:15
  • Fierljepper Bart Helmhout

De tredde fierljepwedstriid op De Jouwer giet sneontemiddei net troch. It sânbêd is troch de reinbuien fan de ôfrûne dagen fierstente wiet om te springen. Neffens foarsitter Pieter Ebbing fan fierljepklup De Lege Wâlden is it net ferantwurde om de wedstriid trochgean te litten, omdat it sân yn it sânbêd dweil troch wiet is.

De klup hat besocht om it wetterpeil omleech te bringen, mar dat is net slagge. Wannear't de wedstriid krekt ynhelle wurde sil, is noch net bekend. Der sil yn oerlis mei it fierljepbûn in nije datum prikt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)