Gjin fierljepfinale De Jouwer

25 jul 2012 - 21:52
  • (fotoympresje)

Alle ljeppers dy't woansdeitejûn meidiene oan de earste klasse wedstriid op De Jouwer wiene nei trije sprongen klear. Omdat it sânbêd te hurd wie, waard de finale skrast. Hichtepunten wiene der amper op dizze 14e wedstriid fan it seizoen, ek al omdat de sinne rjocht op de barten stie en de ljeppers parten spile by de ynsprong.

Bart Helmholt sette de fierste ôfstân del: 18.49. John Krist wie de fierste by de junioaren mei 16.62, in pr. Grytsje Abma wûn by de froulju mei 14.33 en Tom Hoekstra by de jonges mei 16.18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)