Gjin fierdere fersprieding fûgelgryp by Tsjummearum

27 mrt 2015 - 16:00

Yn de omjouwing fan it plomfeebedriuw yn Tsjummearum dêr't tongersdei fûgelgryp fêststeld waard is de sykte fierder net oantroffen. Dat meldt it ministearje fan ekonomyske saken op basis fan it ûndersyk fan it Centraal Veterinair Instituut CVI. Freed binne by Tsjummearum 22.000 hinnen romme, omdat hjir in mylde foarm fan fûgelgryp konstateard wie.

Yn in straal fan 1 kilometer om dit bedriuw stiet noch ien oar plomfeebedriuw. Nei ûndersyk fan it CVI stiet fêst dat der op dit bedriuw gjin fûgelgryp is.

De 22.000 hinnen op it earste bedriuw binne opromme út foarsoarch om te foarkommen dat de mylde fûgelgryp omslacht yn in tige besmetlike fariant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)