Gjin fideoskerm op Saailân

31 aug 2001 - 00:00

Der komt sneon gjin fideoskerm te stean op it Saailân yn Ljouwert. It wie de bedoeling dat op it skerm de fuotbalwedstriid Ierlân-Nederlân te sjen wêze soe. De organisaasje fan it festival Sirkus Ljouwert, dy't it skerm delsette soe foar de fuotballeafhawwers, sjocht no dochs fan it plan ôf.

Neffens Ed Bausch, organisator, soene der ûngeregeldheden ûntstean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)