'Gjin fertrouwen plan Dijksma'

04 jun 2014 - 17:47
  • Fiskers op de Iselmar

It plan fan steatssiktaris Sharon Dijksma om de Iselmarfiskerij takom jier mei 40 prosint werom te bringen, smyt gjin goeie takomst op foar de fiskers. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Kramer hâldt mear fêst oan it akkoart dat earder yn oparbeidzjen mei de fiskers makke is. Kramer stelt dat de fiskers gjin betrouwen hawwe yn it nije plan fan Dijksma, dêr't woansdei yn de fêste keamerkommisje yn Den Haach oer praat wurdt.

Johannes Kramer hat ek syn twivels oer it plan fan de steatssiktaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)