Gjin fertrouwen fjouwermansbob

25 feb 2010 - 00:20

Sybren Jansma, de Fryske bobslider fan De Pein op de Olympyske Spelen yn Vancouver, hie graach meidwaan wollen oan de striid yn de fjouwermansbob. Syn piloat Edwin van Calker sjocht it net mear sitten en sadwaande is it aventoer oer.

Stjoerman Van Calker is nei de striid yn de twamansbob, mei Sybren Jansma, bang wurden foar de rappe baan yn Whistler. By Jansma en Timothy Beck is wol begryp foar Van Calker. Arnold van Calker, broer fan, woe ek net fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)