Gjin ferstoppings troch oalje

02 jan 2013 - 16:15
  • Oaljekoek

It op grutte skaal bakken fan oaljekoeken fan de ôfrûne dagen, hat net foar problemen soarge by it wetterskip Fryslân. Yn it foar hie it Wetterskip noch warskôge foar de gefolgen fan it trochspielen fan brûkte oalje troch de WC of de goatstien.

Dy oalje kin dan foar grutte problemen soargje yn de riolearring en de wettersuvering. Sa soe de oalje achterbliuwe kinne yn de buizen en dan foar ferstoppings soargje kinne. Mar dat is neffens it Wetterskip net gebeurd, der wiene gjin meldings fan oerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)