'Gjin ferplichte stipe soarch'

14 maaie 2013 - 16:49

It is gjin goed plan om minsken dy't foar langere tiid soarch oanfreegje by de gemeente, te ferplichtsjen stipe fan famylje en kunde te sykjen. Dat seit direkteur Margreet de Graaf fan Soarchbelang Fryslân. De VNG, de Feriening fan Nederlânske Gemeenten, tinkt dat allinnich mei sa'n ferplichting gemeenten besunigings op de AWBZ realiseare kinne.

Soarchbelang Fryslân fynt de foarstelde maatregel te koart troch de bocht. Minsken dy't soarch nedich ha fine it ek dreech om harren famylje dermei lêstich te fallen, sa seit De Graaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)