Gjin feroarings by Heerenveen

19 nov 2005 - 08:27

Trainer Gertjan Verbeek fan Sportclub Heerenveen spilet snein mei deselde alve basisspilers as tsjin Grins. Dat betsjut dat Fernando Derveld op 'e nij links achteryn spilet, ta skea fan Jeroen Drost. Ek Lasse Nilsson stiet yn de basis en dêrom sit Georgios Samaras op 'e bank. Hearrenfean spilet snein yn Rotterdam tsjin Sparta.

Opstelling: Waterman, Seip, Hansson, Breuer, Derveld, Kissi, Bosvelt, Pranjic, Yildirim, Huntelaar, Nilsson.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)