Gjin feroarings by Hearrenfean

22 sep 2014 - 15:38

Sportklup Hearrenfean moat it dwaan sûnder Sam Larsson en Jeroen Lumu yn de bekerwedstriid tsjin Roda JC. Larsson en Lumu traine wol wer mei, mar binne noch net fit genôch om mei te gean nei Kerkrade. De kâns is dêrom grut dat trainer Dwight Lodeweges mei deselde alve begjint as ôfrûne sneon yn de wedstriid tsjin Vitesse.

Roda JC is op dit stuit tegearre mei NEC koprinner yn de earste divyzje.

Mooglike opstelling: Nordfeldt, Marzo, Van Aken, Buijs, Van Anholt, De Roon, Sinkgraven, Van den Berg, Slagveer, Uth en Thorsby.

De wedstriid is fan 20.30 oere live te folgjen fia ús webside en op 92.2FM. Fan 20.00 oere ôf ek in protte omtinken foar de bekerwedstriid ONS Boso Snits tsjin FC Dordrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)