'Gjin feroarings Hearrenfean'

29 aug 2014 - 16:19

De transferdeadline rint nei syn ein. Sneintenacht om 12 oere is it dien. Mar sels yn de lêste minuten wurdt der dan noch wolris in transfer sletten. De kâns dat der by SC Hearrenfean noch spilers bykomme is lyts. Ek sille der gjin spilers mear fuortgean.

Ferdigener Pele van Anholt wol graach fuort, mar hat him der by dellein dat hy foarearst by Hearrenfean bliuwe sil. Ek ferdigener Doke Schmidt wol graach in oare klup, mar krijt gjin tastimming fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)