Gjin feroaring hoarekatiden

15 des 2006 - 00:01

De slutingstiden fan de hoareka yn Kollumerlân feroarje takom jier net. Dat hat de gemeenteried tongersdei bepaald. Wol sil der sjoen wurde nei hoe't it plysjetafersjoch effisjinter regele wurde kin.

Yn it wykein meie diskoteken en kafees fan trije oere ôf gjin minsken mear binnen litte. Om fiif oere moat de saak ticht wêze. Dizze slutingstiden binne begjin dit jier ynfierd om oerlêst fan stappers oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)