Gjin feroardielings stekpartij

17 des 2004 - 11:26

De fiif Georgyske fertochten fan de sjit- en stekpartij by it azc Burmania yn Ljouwert op 18 augustus, binne tongersdei net feroardiele. De rjochter fynt dat der mear ûndersyk komme moat nei de rol fan de trije Armeenske broers dy't dêrby ferwûne rekken.

De plysje hat de broers mar ien kear heard en dat fynt de rjochtbank te min. It iepenbier ministearje krijt trije moanne om de broers te finen. Dy binne sûnt de oanjefte spoarleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)