'Gjin ferkeap aidstesten'

01 aug 2000 - 09:24

Apteken moatte gjin aidstesten ferkeapje neffens apteker Kouwenhoven. Hy is troch in Rotterdams bedriuw frege om testen yn syn apteek yn Ljouwert oan te bieden.

It bedriuw hat yn koarte tiid goed 1000 hiv-tests fia ynternet ferkocht. Minister Borst wol in ferbod op ferkeap fia ynternet, mar wol wol fersprieding fia aptekers. Dat kin lykwols net sûnder begelieding, neffens Kouwenhoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)