Gjin fergunning foar Soccerdome op IBF Hearrenfean

05 mrt 2015 - 15:55

Sportsintrum Soccerdome krijt fan de gemeente Hearrenfean gjin fergunning om sportfasiliteiten oan te bieden oan de Venus op bedriuweterrein IBF. Neffens de gemeente past in sportsintrum mei hoarekagelegenheid net yn it bestimmingsplan. It oerkape fuotbalpark is al sûnt ferline jier novimber iepen, mar hat noch gjin fergunning fan de gemeente.

It soe better wêze as Soccerdome plak siket yn de omkriten fan Sportstêd Hearrenfean. De gemeente is mei Soccerdome yn petear oer mooglike alternative lokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)