Gjin fergoeding skea guozzen

29 jul 2009 - 16:40

Boeren krije gjin fergoeding foar de skea dy't guozzen nei 1 april oanrjochtsje op boerelân. Dat hat de Raad van State bepaald nei oanleiding fan in saak fan in tal boeren.

Neffens har hie ien fan it ministearje fan lânbou yn 2006 tasein dat ek de skea nei 1 april fergoede wurdt. No wurdt dat inkeld dien foar de perioade fan 1 novimber oant 1 april. Neffens de Raad van State is út it ferslach fan de byienkomst net werom te lêzen dat dy útspraak dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)