Gjin ferfolging saak-Raard

16 apr 2013 - 20:32
  • Helpferlieners op it plak fan it ûngelok by Raard

De frou dy't op 1 jannewaris yn Raard ynried op publyk dat nei it nijjiersfjoer stie te sjen, wurdt troch it Iepenbier Ministearje net ferfolge. It IM is fan miening dat der gjin bewiis is dat de autobestjoerster skuld hie oan it ûngelok. Wol is fêststeld dat it fûle ljocht fan it fjoer en de waarsomstannichheden in grutte rol by it ûngelok spile hawwe.

By it slimme ûngelok rekken santjin minsken ferwûne. Ien fan de slachtoffers, in man fan 59 jier út Raard, is ferstoarn oan syn ferwûnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)