Gjin ferfolging saak Poortema

14 okt 2010 - 12:58

It Gerjochtshôf yn Arnhem fynt dat de militêren dy't yn 2008 yn Uruzgan by fersin twa kollega's deaskeaten net ferfolge hoege te wurden. De militêren seagen harren kollega's oan foar Talibanstriders. By de omkommen militêren wie ek Aldert Poortema fan Drylts. In tredde rekke slim ferwûne.

De âlders fan de slachtoffers fregen om ferfolging. Sy wiene it net iens mei de konklúzje fan it Iepenbier Ministearje en it Ministearje fan Definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)