Gjin ferfolging messelûker

23 jan 2014 - 15:05

De man dy't fan 't wykein yn Ljouwert in kameraman mei in mes bedrige wurdt net ferfolge. De 37-jierrige Antilliaan waard agressyf yn de rjochting fan in kameraman dy't op it Suderplein krekt opnamen makke hie fan in ûngelok. Neffens it Iepenbier Ministearje is der sprake fan "laakbaar gedrach" mar is der te min juridyske grûn om de man strafrjochtlik te ferfolgjen. Wol sil er ekstra yn de gaten hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)