Gjin ferfolging fiskgruthannel

16 nov 2005 - 16:34

Fiskgruthannel Damstra fan Wâldsein wurdt net ferfolge foar yllegale hannel yn benammen snoekbears. Dat hat it Functioneel Parket yn Den Haach sein.

Ferline jier desimber wie der in grutte ynfal by it bedriuw. Ferskate oerheidstsjinsten diene dêr oan mei. De ynfal hat neffens it parket yn Den Haach net genôch bewiis opsmiten om ta ferfolging fan de fiskgruthanneler oer te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)