Gjin ferbouwing sporthal Aris

05 jan 2013 - 22:35

De ferbouwing fan de sporthal dêr't Aris syn wedstriden spilet is fan de baan. Dat hat wethâlder Andries Eckhart it bestjoer fan Aris witte litten. Neffens Schurer hat Eckhart harren meidield, dat no't de basketbalklup noch hieltyd gjin haadsponsor fûn hat, de ferbouwing ek net trochgiet. Dat wie earder in eask fan de gemeente.

Neffens Schurer hat Aris begjin dit seizoen wol in sponsor fêstlein, mar hat dy hat noch gjin sint betelle. As de ferbouwing fan sporthal It Kealledykje net trochgiet, dan frezet Schurer foar de takomst fan Aris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)