Gjin ferbod op kattejacht yn Fryslân

09 okt 2015 - 16:17
  • Jager op 'en paad foar de jacht

Der komt yn Fryslân gjin ferbod op de jacht op wylde katten, sa't de Partij voor de Dieren dat wol. Fryslân is ien fan de lêste trije provinsjes dêr't de kattejacht noch tastien is.

Deputearre Johannes Kramer wol de jacht hâlde fanwegen de grutte skea dy't se tabringe oan greidefûgels. Tsjinstanners sizze dat de jacht net allinnich wreed is, mar ek "ondoelmatig".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)