"Gjin feiten dy't wize op mishanneling by Prader-Willi Hûs"

06 okt 2015 - 15:24
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

De ynspeksje fan de folkssûnens jout oan dat by eardere besites oan it Prader-Willi Hûs yn Mûnein gjin feiten konstatearre binne dy't wize op mishanneling. De útkomsten fan in lêste besite fan de ynspeksje op 15 septimber wurde noch ûndersocht. Dat skriuwt steatssekretaris Martin van Rijn fan folkssûnens nei keamerfragen fan PvdA Twadde Keamerleden, wêrûnder Lutz Jacobi, nei oanlieding fan berjochtjouwing troch Omrop Fryslân.

De ynspeksje stelde it ûndersyk yn nei't der meardere meldingen dien wiene dat der mishannelingen plakfine soene.

Ut dy ûndersiken docht bliken dat der sprake is fan strukturele tekoartkommings yn de soarchferliening. Dêrom is it Prader-Willi Hûs sûnt 22 july foar in healjier ûnder ferskerpe tafersjoch fan de ynspeksje pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)