Gjin feemerk Ljouwert

08 aug 2007 - 12:17
  • De feemerk hat noch goede hoop op sneonshannel

De feemerk yn Ljouwert giet ek tongersdei net troch. Dat is besletten nei oerlis tusken it feemerkbestjoer en it ministearje fan lânbou. De merk leit stil troch tongblier yn Ingelân.

It bestjoer fan de merk hope op in fersoepeling fan de regels foar it ferfieren fan fee. Dat wie basearre op in fersoepeling fan de regels foar bargen, mar it ministearje fynt it dêrfoar noch te gau. Mooglik komt der yn it wykein noch in merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)