Gjin fee op bûtenkant polderdyk

22 jun 2004 - 10:47

De skeane bûtenkant fan polderdiken wurdt ferbean foar fee. Boere meie der gjin bisten mear weidzje. Dat stiet yn de nije behearsfyzje fan wetterskip Fryslân. It wetterskip wol gjin fee mear op it bûtentalút, omdat de bisten it meast wiete en kwetsbere part fan 'e polderdiken fertraapje.

Gjin fee betsjut dat it gers op in grut part fan 'e diken gewoan trochgroeit. Dit betsjut dat de boeren tenei meane moatte op 'e skeante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)