Gjin fallisemint Snitser VVV

01 feb 2012 - 21:03
  • VVV

Trochdat de VVV fan Snits syn ûnderkommen oan de Marktstraat ferkeapje kinnen hat liket in fallisemint fan de toeristyske organisaasje tefoaren kommen. De ferkeap is ûnderdiel fan in reorganisaasje dy't nedich wie om in tekoart fan 170.000 euro fuort te wurkjen. De reade sifers ûntstiene ûnder oare troch minder gemeentlike subsydzje en in legere bydrage fan de lanlike VVV.

Troch it eigen gebou te ferkeapjen, mar ek troch trije wurknimmers dien te jaan, liket it finansjeel no wer better. Wol moat der noch in nij plak yn Snits fûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)