Gjin F16's mear nei Afghanistan

04 aug 2004 - 14:06

De kâns dat Ljouwerter F16's letter dit jier opnij nei Afghanistan gean, liket lyts. Op it stuit ûndersiket definsje oft der wer in Nederlânske missy nei dat lân ta moat. Dat fanwege de ferkiezings yn Afghanistan, dy't foar oktober pland steane.

Krekt yn dy moanne oefenje Ljouwerter F16's op de fleanbasis Twente. Personiel fan de fleanbasis hat twa jier ferlyn in healjier boppe Afghanistan wurke fanút Kirgizië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)