Gjin eurosinten yn 'e winkels

25 aug 2004 - 10:07

Guon winkels binne der no al mei begûn, mar offisjeel mei it pas fan 1 septimber ôf; by de kassa alles ôfrûne op fiif eurosint. 2 euro 48 wurdt 2,50 en 2,47 wurdt 2,45. De supermerken dogge dit omdat it tiid besparret. De meiwurkers binne minder tiid kwyt mei jildtellen en de winkels hoege minder eurosinten op foarried te hawwen.

Foar minsken dy't mei de pinpas betelje, feroaret der neat. Sy betelje it krekte, net ôfrûne bedrach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)