Gjin enerzjydrank op skoalle

21 mrt 2007 - 16:54
  • Enerzjydrankjes: net ideaal foar de konsintraasje

It Lauwerscollege yn Bûtenpost wol dat der op skoalle net langer enerzjydrankjes lykas Redbull dronken wurde. Alders wurde oproppen net fan sokke drankje mei te jaan oan bern en bern wurde foarljochte oar de effekten.

Neffens de skoalle wurde de bern fan de drankjes earst hyperaktyf en dêrnei te duf om de les noch te folgjen. In ferbod komt der net, it giet om in ûntmoedigingsbelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)