Gjin ekstra straf foar siler

25 okt 2013 - 16:39
  • Dirk de Ridder yn aksje by Volvo Ocean Race 2005-2006

Seesiler Dirk de Ridder krijt gjin ekstra straf foar falsk spyljen by de America's Cup ferline jier. Dat hat de Sylried, in ûnôfhinklik orgaan fan it Wettersportferbûn, freed bekend makke.

De siler fan Terkaple waard flak foar de finale fan de America's Cup begjin septimber dit jier skorst, om't er mei twa oare silers rommele hawwe soe mei it gewicht fan in tal boaten yn 2012. De sjuery bestrafte syn ploech Oracle mei in boete fan 190.000 euro en twa strafpunten. Neffens de sylried is De Ridder dêrmei al genôch straft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)