Gjin ekstra oerlis oer As

28 nov 2005 - 11:35

De PvdA yn Dantumadiel fynt it spitich dat b. en w. dêr gjin ekstra riedsbyienkomst organiseare wolle oer de sintrale as. It kolleezje fynt dat no net nedich, omdat der nije wike al in provinsjale byienkomst oer is.

Op fersyk fan de PvdA is earder ta dy gemeentlike byienkomst besletten. B. en w. wolle no earst it troch de provinsje organisearre oerlis ôfwachtsje. De Pvda fynt dat it dualisme sa net serieus naam wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)