'Gjin ekstra maatregels Flyhors'

17 mrt 2005 - 08:43

Ekstra maatregels om kuierders op de Flyhors te beskermjen binne net nedich. Dat seit steatssekretaris Van der Knaap fan Definsje. Op it militêre oefenterrein de Flyhors lizze noch in soad bommen dy't noait ûntploft binne. Der wurdt no ûndersocht hoefolle gefaar de eksplosiven opsmite. Yn tuskentiid wurde der gjin ekstra maatregels nommen.

Neffens Van der Knaap steane der ek al buorden dy't op it gefaar wize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)