Gjin ekstra jild nei waadfûns

23 apr 2013 - 15:54
  • Seehûn yn Waadsee (argyffoto)

Minister Kamp fan ekonomyske saken is net fan plan om ektra jild yn it Waadfûns te stoarten. Ek al wurdt de gaswinning troch de NAM yn de Waadsee útwreide. Minister Kamp hat dit op fersyk fan de Twadde Keamer oan de Keamer witte litten.

By de start fan de gaswinning yn de Waadsee yn 2007 is in bedrach fan 677 miljoen euro beskikber kaam. Kamp liet de Keamer witte dat dit in ienmalich bedrach wie en dat it nea de bedoeling west hat om mear jild yn it Waadfûns te stoarten as der mear fertsjinne wurdt oan de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)