Gjin ekstra jild Frysk ûnderwiis

01 des 2005 - 10:24

De Twadde Keamer fielt der neat foar Fryske skoallen ekstra jild te jaan foar it fuortwurkjen fan de ûnderwiisefterstânnen. In mearderheid fynt dat Fryslân der al folle better útkomt as oare provinsjes.

Deputearre Mulder hat woansdei nei Den Haag west om de keamer op oare gedachten te bringen. Dat is net slagge. De provinsje krijt takom skoaljier 2,5 miljoen euro foar it fuortwurkjen fan de efterstânnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)