Gjin ekstra jild doarpshûs

27 sep 2010 - 14:51

It doarpshûs fan Broeksterwâld hoecht foar in ferbouwing net op ekstra jild fan de gemeente Dantumadiel te rekkenjen. Dat hat de gemeente it bestjoer fan it doarpshûs witte litten. Neffens Dantumadiel is it sjoen de finansjele sitewaasje fan de gemeente net ferantwurde om fjouwer ton ekstra út te lûken foar de ferbou.

It doarpshûs wol dat jild ûnder oare graach foar in hegere gymnastykseal en in grutter poadium foar de toanielklup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)