Gjin ekstra heffing foar ôffal

15 jul 2000 - 19:55

De gemeente It Hearrenfean wol net dat boargers ekstra betelje moatte foar it sammeljen fan húshâldôffal. Yn in brief freget de gemeente oan minister Pronk om fan de belestingmaatregel ôf te sjen.

De miljeuminister stelt de heffing út om boargers bewuster har ôffal skiede te litten. Neffens in wethâlder fan It Hearrenfean komt it del op 35 gûne mear per jier per húshâlding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)