Gjin ekstra brêge yn Heak

27 sep 2011 - 16:18

Net in ekstra brêge, mar in heal klaverblêd en in fytstunnel moat de Heak om Ljouwert mei de westlike kant fan de stêd ferbine. Mei dat útstel komt it kolleezje fan B&W. Yn it eardere plan waard tocht oan in ekstra brêge oer de Harnzerfeart om it gebiet by it WTC Expo te ferbinen.

Neffens de gemeente past it nije plan better by de ûntwikkeling fan û.o. it WTC Expo en de Tesselschadestrjitte. Der wurdt 16,9 miljoen euro reservearre foar it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)