Gjin Ekolandpriis foar Friezen

12 jan 2012 - 11:27

Der binne gjin Friezen mear dy't yn de beneaming komme foar de Ekoland Ynnovaasjepriis 2012. Earder makken earmerkwegerers Thom de Groot út Grou en Henk Brandsma út Boalsert noch kâns op de priis. Fierders wie skieppehâlderij De Zeekraal fan Skylge nominearre.

Allegearre binne se net troch de foarronde kaam. Dat betsjut dat se net by de lêste fjouwer kânshawwers sitte. Dy fjouwer meie nije wike woansdei in presintaasje hâlde op de Bio Vak Beurs yn Zwolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)