Gjin EK-finale foar Epke

24 maaie 2012 - 10:56

Epke Zonderland hat him tongersdei op it EK yn Montpellier net kwalifisearje kind foar de finale op rekstôk. By syn oefening foel Zonderland twa kear op 'e grûn en kin er prolongaasje fan syn Europeeske titel ferjitte.

Zonderland makke by de lêste training noch grutte yndruk troch syn "triple flight", in kombinaasje fan trije fluchteleminten (Cassina-Kovacs-Kolman). By de kwalifikaasje gie it by de Kolman mis. Dêrnei miste er ek it tastel by de Gaylord 2. De einskoare fan Zonderland is 12.933 en dat is net genôch om de finale te heljen.

Op brêge skoarde de Lemster in puntetotaal fan 14.866. Oft dat genôch is om de finale te heljen is twiveleftich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)