Gjin effekt BTW-ferleging

20 mrt 2013 - 13:48
  • Wenningbou

Fryske boubedriuwen binne slim teloarsteld oer it effekt fan de BTW-ferleging dy't in moanne lyn oankundige waard. De regeling smyt oant no ta hielendal gjin nije opdrachten op. Neffens foarsitter Marten Cornel fan de Fryske ôfdieling fan Bouwend Nederland, komt dat ûnder oare om't der betizing wie oer de krekte ynfolling fan de regeling.

Boubedriuwen hiene hope dat it lege taryf fan 6 persint foar de hiele rekken jilde soe, mar úteinlik moat oer it materiaal gewoan 21 persint belesting betelle wurde.

Underwilens krije Fryske boubedriuwen it hieltyd dreger. Sy fernimme dat net allinnich partikulieren ôfwachtsje, mar ek wenningstiftingen opdrachten skrasse of útstelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)