Gjin earste ljipaai op Flylân

06 apr 2006 - 09:35

Foar de 59-jierrige Sjoerd van der Heide fan Flylân wie it in min jier. Alve kear fûn Van der Heide it earste ljipaai op it eilân. No is Flylân de iennichste Fryske gemeente dêr't it earste aai dit jier net fûn is.

Van der Heide hat dit jier gjin aasikerspas en mei dus net ljipaaisykje. Troch alle regels hat er eins gjin nocht mear oan it aaisykjen, sa seit er sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)