Gjin eareplakje Stroetinga

21 maaie 2011 - 17:21
  • Wim Stroetinga (foto: Rudie Ottens)

Hurdfytser Wim Stroetinga hat sneon yn de lêste etappe fan Olympia's Tour gjin grutte rol spile. Stroetinga wûn wol de sprint fan it peloton, mar der wiene fiif man foarút. Yn Buchten waard it in dûbelslach foar Jetse Bol. Hy wûn de etappe en it einklassemint. Bol hie earder de earste rit ek al wûn.

Wim Stroetinga waard de sprintkenning fan Olympia's Tour. Hy wûn trije etappes op rige. Yn it einklassemint waard de Aldeberkeaper alfde op in dikke minút fan Bol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)