Gjin earemetaal foar Nederlânske sprinters

13 nov 2015 - 22:40
  • Margot Boer nimt dit wykein ôfskied

Yn Calgary wiene der op de 500 meter gjin poadiumplakken foar de Nederlânske manlju en froulju. Ronald Mulder waard yn 34.48 fjirde. De winst wie foar de Rus Pavel Kulizhnikov yn 34.11, foar de Fin Mika Poutala (34.28) en de Kanadees William Dutton (34.46). Gerben Jorritsma waard njoggende mei in moai pr fan 34.70. By de froulju gong de winst nei de Koreaanse Sang-Hwa Lee yn 36.96. Heather Richardson waard fjirde yn 37.29 en Jorien ter Mors njoggende yn 37.82. Margot Boer waard fyftjinde yn 38.27, Janine Smit njoggentjinde yn 38.58.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)