Gjin earedivyzje foar Cambuur

03 jun 2009 - 23:36
  • Grut fertriet by in Cambuurfan by de Aldehou
  • Mark de Vries miste (foto: Martin de Jong)

Cambuur hat de beslissende wedstryd tsjin Roda JC ferlern. De ploech út Kerkrade skeat der mear penalty's yn as de Ljouwerters. De penalty's wiene nedich omdat de reguliere wedstryd én de ferlinging yn in lykspul einigen.

Yn de reguliere wedstryd wie it Rachid El Khalifi dy't yn de 35e minút de skoare foar Cambuur iepene. De lykmakker fan Roda JC folge yn de 86e minuut. Yn de ferlinging wie it Roda JC dat as earste skoarde, Michael Jansen soarge foar de lykmakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)